Royal de Luxe drige net op te treden by live-útstjoering Omrop

Omrop Fryslân hat freedtemoarn in pear oeren live de Reuzen fan Royal de Luxe yn Ljouwert op telefyzje sjen litten. In soad minsken ha dêrnei sjoen en ferwachten dat sneon ek wer bylden op telefyzje te sjen wiene en fregen har ôf wêrom't der net wer op telefyzje in live ferslach wie.
© Omrop Fryslân, Timo Jepkema
Dêr is in hiele dúdlike reden foar: it mei net fan de organisaasje fan Royal de Luxe.
"It wie net ús doel om it hiele programma sjen te litten, mar om der in sfearferslach fan te meitsjen, sadat de minsken dy't der net by wêze kinne dochs wat meikrije," leit haadredakteur Klaas Geert Bakker fan Omrop Fryslân út. "Mei Royal de Luxe wie net te praten oer it filmjen. Se fine dat minsken it belibje moatte en nei de stêd komme moatte. Se woenen dus gjin meiwurking jaan, mar we seinen we dogge it gewoan. Dêrom moasten we wol eksperimintearje, der wie gjin romte foar ús kameraminsken en se moasten yn it publyk har wurk dwaan. Boppedat moasten we gebrûk meitsje fan it 4G-netwurk en dat wie wolris dreech want al dy tûzenen minsken sitte ek op datselde ynternet. Troch dy drokte wienen der sa no en dan problemen mei it sinjaal."

Primeur

"Se drigen sels om net op te treden as we it op telefyzje bringe soenen. Se seinen: yn al dy 40 jier hat Royal de Luxe noch noait op telefyzje te sjen west. Dus Omrop Fryslân hat dy primeur. Ik bin bliid dat it slagge is. Under de útstjoering seinen se dat we ophâlde moasten, mar dat ha we net dien. We ha in moaie ympresje jûn."
Klaas Geert Bakker