Drokte op kamping fan autodealer: "Kampers steane tusken myn nije auto's"

18 aug 2018 - 12:08

Toeristen oernachtsje dit wykein manmachtich yn trekkerhutsjes, caravans, campers en tintsjes by citycamping De Wetterpôlle op Ljouwerter bedriuwepark De Hemrik. De measten wolle fansels in glimp opfange fan De Reuzen. Alle beskikbere stikjes gers stean dit wykein dan ek grôtfol.

Kampingbehearder Arne Brouwers, yn it deistich libben autodealer by op De Hemrik, hat it dit kulturele simmerseizoen dan ek smoardrok. "Goed 250 reservearrings hawwe wy foar dit wykein. Wy moatte 'nee' ferkeapje oan minsken dy't op 'e bonnefoai noch delkomme."

Kampingbaas Arne Brouwers mei soan Skelte - Foto: Omrop Fryslân, Froukje Sijtsma

Repo City Camping FS 18/8

Foto: Arne Brouwers
Foto: Arne Brouwers

De kampers stean gewoan tusken myn nije auto's yn

Arne Brouwers

Arne Brouwers genietet folop. Hy is autodealer by Hylkema & Haaima op bedriuwepark De Hemrik. "Twa jier lyn hawwe wy dizze kamping opset. Wy misten in plakje yn Ljouwert dêr't minsken rêstich kampearje kinne. Je sitte hjir neist natoergebiet Froskepôlle, mar binne ek hiel tichtby it sintrum. Dizze minsken fiere fakânsje en dêrtroch hawwe wy dat ek in bytsje."

Smûk sitte op de kamping - Foto: Omrop Fryslân, Froukje Sijtsma

De Nederlânske kampinggasten komme út it hiele lân. Guon binne spesjaal foar De Reuzen nei Ljouwert kaam, om't se fan poppeteäter hâlde. Ien groepke komt út Tilburch en woe de Reuzen net misse. "Bij ons in Goirle hebben we in oktober ook een Reuzenoptocht. Het leek ons leuk om hier alvast wat sfeer te proeven. Al hopen we dat het daar niet zo druk wordt als hier in Leeuwarden." Net elkenien wit fan it bestean fan Kulturele Haadstêd. "We wisten niet dat Leeuwarden dit weekend in het teken stond van De Reuzen, maar we gaan zeker even kijken."

Earst noch de tinte opsette - Foto: Omrop Fryslân, Froukje Sijtsma

De grutte eveneminten binne bekend en lûke de measte gasten, mar Arne Brouwers soarget der persoanlik foar dat minsken mear kultuer priuwe yn Fryslân. "Der binne dit jier fantastyske projekten, dêr fertel ik ús gasten ek oer. Doe mei de Grootste Gehaakte Deken hawwe ferskate kampinggasten nei Park Vijversburg yn Tytsjerk west, se kamen hiel entûsjast werom. Dat is geweldich."

(advertinsje)