Reuzen binne wer ûnderweis yn Ljouwert

18 aug 2018 - 12:07

De dûker, it famke en de hûn binne nei in nacht sliepen sneontemoarn wekker wurden yn Ljouwert. Under grutte belangstelling binne se oan har twadde tocht troch de Fryske haadstêd begûn.

De dûker hie wol in hiel spektakulêr stikje op syn rûte. Hy is oer de brêge yn de Oostersingel by it Noordvliet hinne takele. Kraanmasinist Johan Visser fan Kielstra hie de eare om de reus fan alve meter te tillen. "It wie wol in nuvere heisklus, want wannear tille je no in reus."

Pikefel

LF2018-direkteur Tjeerd van Bekkum hat pikefel en wie suver emosjoneel. "De mensen van Royal de Luxe, de vrijwilligers en de gemeente hebben hier zo lang naar toe gewerkt. Dat wordt nu heel erg beloond door de mensen langs de kant. Mensen zijn blij en en enthousiast, ze vinden het magisch, daar doe je het voor. Wat een dynamiek en energie is er in de stad, dit is iets wat je niet wilt missen. We binne grutsk!"

Geert van Tuinen praat mei Tjeerd van Bekkum

Foto: Omrop Fryslân, Remco de Vries
Foto: Omrop Fryslân, Remco de Vries

Lykas freed is it sneon ek wer drok yn de stêd. Lâns de hiele rûte steane minsken. En lykas freed sille se sneontemiddei ek wer even rêste. De dûker docht dat op it Waagplein en it famke by de Aldehou.

Folgje alles oer de Reuzen yn ús liveblog!

Trefwurden: 
Ljouwert reuzen
(advertinsje)