Maarten van der Weijden swimt: hy is Snits en Drylts al foarby

Om healwei fiven is Maarten van der Weijden sneontemoarn yn Ljouwert begûn oan syn tocht by de alve Fryske stêden del.
© Omrop Fryslân, Bauke Deelstra
Om in oere as tsien wie er yn Snits. Dêr stienen in soad minsken oan de kant fan de dyk om him oan te moedigjen. Om 11.10 oere wie er Drylts ek al foarby.
Ferslachjouwer Bauke Deelstra wie om tolve oere hinne by Osingahuzen by Heech. Dêr waard Maarten meikoarten ferwachte. Dêr stienen sa'n 200 minsken om him oan te moedigjen. Neffens Klaas la Roi út Menaam is it net maklik. "De streaming is net maklik, hy hat tsjinwyn en der is gjin beskutting. Dat wurdt op de Sleattemer Mar aansens ek noch dreech. Mar hy hat de gong der aardich yn."
De trochkomst by Osingahuzen en Toine Schoutens fan it team dat Maarten begeliedt
Twan Schoutens is fan it team dat Maarten begeliedt. "Hij ligt goed op schema, zijn ritme is goed. Al die aandacht van het publiek geeft hem een boost. Het was een enorme klap toen hij hoorde dat zijn meezwemmers niet mee konden. Maar hij berust erin." Hy tinkt dat Maarten de tocht wol folbringe sil. "Zijn langste afstand tot nu toe is 130 kilometer en dit is nog wel wat verder. Vooral de laatste nacht wordt zwaar, al is het op zijn tandvlees."
Syn tocht is te folgjen op de tracker. Syn tocht is ek te sjen mei in 360-graden livestream.