Omrop TIP Buro de Vries live yn Eanjum

© Omrop Fryslân, René Koster
Eanjum yn it noardeasten fan ús provinsje, is ien fan de âldste doarpen fan Fryslân. Om it jier 1000 hinne boude in sekere Ane in terp foar syn hiem en sa is 'Anigheim' ûntstien, wol it ferhaal. Byldbepalers yn it doarp binne benammen de grutte Michëlstsjerke en nôtmûne De Eendragt út 1898, dêr't no ek in museum yn sit.
Tsjerke Anjum © Omrop Fryslân, René Koster
© Omrop Fryslân, René Koster
Noardeast-Fryslân stiet bekend as krimpregio, mar Eanjum hâldt him dêryn op bysûndere wize steande. In nije ympuls kaam fan rekreaasjepark Esonstad by De Skâns (Eastmahorn). En mei stipe fan de NAM, dy't in boarlokaasje by it doarp hat, is Eanjum koartlyn bot opkreaze. In grut part fan it fertutearze, rommelige sintrum is sloopt om plak te meitsjen foar MFA De Dobbe. Yn it kompleks binne ek kantoaren fan de NAM ûnderbrocht. Dochs is net elk like wiis mei dizze gearwurking, want as der dalik skea is troch de gasboarringen, ha je dan noch wol de hannen frij om kritysk nei de NAM sjen?
MFA / NAM-kantoor Eanjum © Omrop Fryslân, René Koster
Esonstad © Omrop Fryslân, René Koster
De rekreaasje is in hieltyd wichtiger ekonomyske pylder fan it doarp. Njonken it grutskalige Esonstad binne yn doarp en omkriten en in soad lytsskalige rekreaasje-inisjativen ûntwikkele. De toerist wit Eanjum hieltyd better te finen en bliuwt der ek langer. In aspekt dat wis yn it programma oan de oarder komt, krekt as de ferrassende keatswinst fan Eanjum op de Freule fan dit jier, it ferhaal fan en efter it ferneamde boek 'De smokkelaars van de Schans'; en it mysterieuze 'hûnegat' by de tsjerke. Dat der ek noch muzyk yn it doarp sit, bewiist it piratekoar mei in optreden.
Fansels spilet ek it ferline in wichtige rol yn it programma. Op it bushokje fan it doarp litte nostalgyske foto's ek in part dêr fan sjen, lykas it einstasjon fan it legindaryske Dokkumer Lokaaltsje. Ek de tekst it doarpsliet is op dat buskhokje te finen:
Lit ús tinke oan âlde tiden
Tiden fol fan soarch en noed
Mar dêr by ek blide wille
Want dy sit út yn it bloed
Wêr't wy troch de tiden hinne
Geslachten komme, geslachten gean
Meiinoar toch Eanjumers binne
Eat wêr't wy altyd foar stean
Nostalgy op it bushokje © Omrop Fryslân, René Koster
Buro de Vries op it doarpsplein fan Eanjum is der snein fan 11 oant 13 oere live op de radio by Omrop Fryslân. Yn it doarp binne we dan te gast by 'Iterij by de Mûne'.
Iterij De Mûne © Omrop Fryslân, René Koster
Yn in live radioprogramma sil Buro de Vries snein op syk nei it doarpseigen en it mienskipsgefoel. Dizze kear is dat Eanjum.
Mei de 'Iepen Mienskip' as haadtema fan LF2018 sjocht Buro de Vries dizze simmer yn tal fan Fryske doarpen nei de wize hoe't soks yn de doarpen yn de praktyk brocht wurdt. Sa fernimme we bygelyks by ien fan de âldste doarpsbewenners hoe't de mienskip helpe kin om selsstannich te bliuwen yn in doarp dêr't net alle foarsjenningen om 'e hoeke binne.