LIVEBLOG: Reuzen fiere wykein yn Ljouwert

18 aug 2018 - 18:55

De Dûker, it Famke en de hûn Xolo kuierje sneon 18 augustus wer troch de Fryske haadstêd. Wolst alles witte en sjen oer De Reuzen, folgje it hjir yn ús liveblog. We krije ek in soad fragen oer de útstjoerings op telefyzje. Dy is der hjoed net, en moarn ek net. Dat hat te krije mei regels fan de organisaasje. Wol kinst hjir in lange kompilaasje sjen fan de útstjoering fan juster.

20:55
Ein fan dit liveblog

Oant safier dit liveblog oer de twadde dei fan de Reuzen yn Ljouwert. Elkenien tank foar it folgjen, en graach oant moarn foar de lêste dei fan de Reuzen fan Royal de Luxe

18:23
Sifers fan hjoed

Neffens de gemeente binne der hjoed sa'n 150.000 oant 160.000 besikers nei Ljouwert kaam. Dat is sa'n 60.0000 mear as de 95.000 besikers fan freed.

17:48
De trije reuzen fan Royal de Luxe hawwe hjoed wer in soad folk nei Ljouwert lutsen. De dûker wie fansels hiel populêr. Fierwei it grutste spektakelstik spile him ôf by it Vliet.

FIDEO: Dei twa fan de Reuzen

(Advertinsje)
(Advertinsje)