Frijwilligers by de Reuzen ha genoaten fan earste dei

18 aug 2018 - 09:37

Op fiif folle preammen binne de frijwilligers, te werkennen oan de oranje shirts, sneon nei it sintrum fan Ljouwert brocht foar de twadde dei fan de Reuzen dy't ferskate rûtes troch de stêd rinne. De dûker hat op it Wilhelminaplein sliept en it famke mei de hûn op it Cambuurplein.

Foto: Omrop Fryslân, Remco de Vries

Frijwilligers oer de earste dei

De 150 frijwilligers wurkje mei de Frânske ploech fan Royal de Luxe. Frijwilliger Marjolein is sels spesjaal trije dagen út Amsterdam kaam foar de reuzen. "Toen ik ervan hoorde, wilde ik al komen en toen ik hoorde dat ze nog vrijwilligers zochten, leek me dat helemaal leuk. Het is gister goed gegaan, we hadden prachtig weer. Het was wel wat spannend omdat het de eerste dag was." Se kin goed Frânsk en is dêrom in 'vliegende tolk.' "Om geen misverstanden te krijgen tussen de organisatie en de teamleiders van de vrijwilligers vertaal ik de Franse commando's."

Ek Alie Prins út Menaam is frijwilliger. Se sit by it mobile team. "Ik ha mei de linten rûn om alles op it goede paad te hâlden. De kontakten mei it publyk wienen superleuk. Oan de kant fan de dyk klapten se sels foar ús as wurdearring."

Foto: Kappers Media
Foto: Kappers Media

Folgje wer ús liveblog!

(advertinsje)