Wethâlder Maarten Offinga: "Beroerd om oan de kant te stean"

"Ik bin der beroerd fan," sei wethâlder Maarten Offinga fan Súdwest-Fryslân sneontemoarn. "It is o sa spitich, net allinne om't ik der hurd foar traind ha, mar ek foar alle oare dielnimmers." Mei elkoar soenen sa'n 1.500 minsken meiswimme. Dy helje jild op foar it goede doel, de KWF Kankerbestrijding. "Dat jild komt der wol, mar dat we no oan de kant steane jout my in beroerd gefoel, wolst wat dwaan, derby wêze." Troch alle trainingen is er wol wat kilo's lichter en de skouders binne wat breder wurden.
© CAMJO Media
Wethâlder Maarten Offinga
© Omrop Fryslân, Bauke Deelstra
De wethâlder wie sels fan doel om net allinne mei te swimmen op it trajekt Snits, mar ek op alle fierdere lokaasjes. Fanwege baktearjen yn it wetter is meiswimmers ôfret om yn it wetter te springen. De wetterkwaliteit op de rûte is te min en dat soarget foar risiko's foar de sûnens fan de minsken. De organisaasje fan it swimevenemint hat dat besletten yn oerlis mei it Wetterskip en GGD Fryslân.
© Omrop Fryslân, Bauke Deelstra
Maarten van der Weijden is sneontemoarn om healwei fiven yn Ljouwert begûn oan syn meunstertocht om by de alve Fryske stêden te swimmen. Syn tocht is te folgjen op in 360 graden-livestream. De finish is moandei 20 augustus yn Ljouwert.
© Kappers Media
© Kappers Media
© Kappers Media
Om minsken dochs swimme te litten, binne ûnder oare de swimbaden fan Boalsert, Wommels, Warkum en Wytmarsum dit wykein iepen.
Om 10.00 oere wurdt Maarten van der Weijden yn Snits ferwachte. Dêr binne al wat spandoeken om him oan te moedigjen. Offinga is fan doel om syn nammegenoat ek op oare plakken lâns de rûte te stypjen.