Ferdûbeling fan online sjoggers by skûtsjesilen op Omrop Fryslân

De spesjale livestream fan Omrop Fryslân fan it SKS-skûtsjesilen is dit jier twa kear sa faak besjoen as ferline jier. De stream mei liveferslach fan de wedstriid, sûnder nijs en muzyk tuskentroch, is benammen rjochte op de echte skûtsjeleafhawwers dy't gjin sekonde misse wolle.
© SKS
Oant de lêste wedstriiddei waard de stream al mear as 170.000 kear besjoen. Ek de online-telefyzjestream mei bylden en radioferslach is goed besjoen mei hast 10.000 pageviews mear as yn 2017.
De telefyzje-útstjoeringen oer it skûtsjesilen lutsen alle dagen in soad sjoggers.

Skûtsje Journaal

Ek it Skûtsje Journaal op de lanlike telefyzje, in gearwurking fan Omroep Max en Omrop Fryslân, is goed besjoen.
De IFKS giet sneon fan start. Ek dêr docht Omrop Fryslân wiidweidich ferslach fan op radio, telefyzje en ynternet.