Emmanuel Mbende: "Dit lit de mentaliteit fan ús team sjen"

17 aug 2018 - 23:17

"Ik seach allinnich nei de bal",sei Emmanuel Mbende oer syn lette lykmakker. Troch dy goal pakte Cambuur yn blessueretiid in punt by NEC. It wie yn gaos yn it strafskopgebiet: NEC-oanfierder Rens van Eijden en Cambuur-spits Karim Rossi leinen op de grûn. "Ik seach se lizzen, mar ik bleau trochspyljen. Ik skeat en skoarde en ha net echt sjoen wat dêrfoar barde. Dat makket my earlik sein ek net safolle út, want ik wol winne."

It like der lang op dat Cambuur de kompetysje mei in ferliespartij begjinne soe. NEC kaam nei in lyts oere spyljen op 2-0 en like de wedstriid út te spyljen. Dochs kaam Cambuur dus noch werom. "Dat lit de mentaliteit fan ús team sjen", fertelde Mbende. "Tsjin NEC is it net ienfâldich om werom te kommen. Dit fielt as in oerwinning. Mar we moatte ek sjen nei wat we ferkeard dien ha en dat takom wike better dwaan. As ferdigener wol ik efteryn de 0 hâlde."

Kevin van Kippersluis wie belutsen by de oanslutingstreffer yn de 87e minút. "Issa Kallon passeerde heel netjes twee man op de achterlijn. Ik wilde 'm binnenschieten, maar de tegenstander probeerde de bal te blokken. Ik schopte tegen z'n voet aan, waardoor de bal de goal in vloog."

Iedereen had weer energie voor tien

Kevin van Kippersluis oer de oanslutingstreffer

Nei dy 2-1 gie Cambuur manmachtich op syk nei de lykmakker. "Iedereen had weer energie voor tien. Dat is niet te verklaren. Er komt dan zoveel adrenaline vrij, je voelt op dat moment de vermoeidheid niet."

Van Kippersluis hie net tocht dat de Ljouwerters noch weromkomme soenen nei de 2-0, mar fûn Cambuur dêrfoar net minder as NEC. "Ik vond de eerste helft wel gelijk opgaand. Zij creëerden niet veel en wij waren in de omschakeling gevaarlijk."

"Ik zei: we moeten knokken tot het eind. En daar zijn we voor beloond." Dat wie de konkúzje fan trainer René Hake, dy't krekt as Van Kippersluis net tocht hie dat syn ploech noch in punt út it fjoer slepe soe. "Het verschil tussen beide ploegen was duidelijk zichtbaar. NEC was de bovenliggende partij en leek de wedstrijd uit te spelen, maar ze kwamen bedrogen uit."

It nivo fan it eigen spul moat wol omheech, fynt Hake. "Aan de bal waren we ver ondermaats, dan kom je moeilijk tot kansen."

(advertinsje)
(advertinsje)