Tsientûzenen minsken besjogge livestream fan de Reuzen

Tsientûzenen minsken hawwe freedtemoarn fia Omrop Fryslân online nei livebylden fan de Reuzen fan Royal de Luxe sjoen. Omrop Fryslân hie fan 10.00 oere oant ûngefear 12.30 oere in livestream mei kommentaar en ferslach, dy't fia ferskate kanalen te besjen wie.
© Omrop Fryslân, Timo Jepkema
De telefyzjelivestream fan de Omrop hie mear as 43.000 pageviews en 17.000 unike besikers. Fia Facebook waard de stream ek hiel goed besjoen, mei hast 60.000 unike sjoggers en in soad ynteraksje. De bylden en mear ynformaasje oer de Reuzen en de situaasje yn en om Ljouwert hinne, wienen ek fia in liveblog te folgjen. Dy liveblog hie hast 44.000 pageviews en mear as 20.000 unike besikers.
De bylden en it ferslach wienen ek op telefyzje te besjen; de sjochsifers dêrfan binne noch net bekend. De livestream fan de Reuzen waard mei in beheind tal kamera's en minsken makke, om't der ek in soad ynset is by oare eveneminten lykas it skûtsjesilen.