Auto útbrând yn Snits, ek wenning skansearre

Oan de Oosterom yn Snits is freedtejûn in auto útbrând. Dy stie parkearre by in rychjeswenning yn 'e strjitte. De auto is troch de brân hast folslein ferwoaste. Hoe't it fjoer krekt ûntstean koe, is net bekend.
De brânwacht skaalde op nei in middelbrân om't der kâns wie dat de brân oerslaan soe nei de wenning. Dat lêste koene de brânwachtminsken foarkomme, mar dochs rekken de reinpiip, de kezinen en in twadde auto skansearre.
© BTBfotografie