Ek sliepend lûke de Reuzen noch hieltyd in soad publyk

17 aug 2018 - 21:54

De earste dei fan de Reuzen fan Royal de Luxe yn Ljouwert sit der yntusken op, mar dat betsjut net dat de drokte yn 'e stêd oer is.

Foto: Omrop Fryslân, Sybren Terpstra

Der binne noch hieltyd in soad minsken yn 'e stêd. Op it Cambuurplein, dêr't it famke en de hûn freedtenacht sliepe, steane noch flink wat taskôgers. De twa reuzen snoarkje beide djip.

75.000 besikers

Der wiene freedtemoarn mei de iepening fan it spektakel De Reuzen fan teäter Royal de Luxe sa'n 75.000 besikers yn it sintrum fan Ljouwert. Dat wie de earste offisjele tuskenstân fan de gemeente. Neffens de gemeente komme der ek in soad positive reaksjes binnen en binne der noch gjin ynsidinten meld.

Foto: Omrop Fryslân, Sybren Terpstra
(advertinsje)
(advertinsje)