Mbende besoarget Cambuur yn blessueretiid punt by NEC

17 aug 2018 - 21:54

Sportklup Cambuur is it nije seizoen yn de earste difyzje begûn mei in lykspul op besite by NEC. Yn Nijmegen waard it 2-2. Anass Achahbar iepene de skoare flak foar it skoft. Nei in lyts oere spyljen kaam NEC op 2-0 nei in flater yn de opbou by Cambuur. Pas fiif minuten foar tiid kaam Cambuur wer yn de wedstriid nei in eigen doelpunt en djip in blessueretiid soarge Emmanuel Mbende foar de lykmakker.

De Ljouwerters wienen de earsten dy't echt ticht by in doelpunt wienen. De nije linksback fan Cambuur, David Sambissa, krige de bal wat gelokkich mei en helle doe út. Syn skot einige op de peal. Fierder wie NEC wol de gefaarlikste ploech, mar it fizier by de thúsploech stie noch net op skerp.

In minút foar it skoft besocht Tom Overtoom it in kear mei in skot fan bûten it strafskopgebiet. Cambuur-doelman Xavier Mous hie de bal net goed klem. Anass Achahbar wie it skerpst by de rebound en sette NEC op 1-0.

Nei in lyts kertier spyljen yn de twadde helte profitearre NEC op 'e nij fan in flater by Cambuur. De ploech fan René Hake gie de mist yn by de opbou: Robert van Koesveld levere de bal sa yn by NEC-middenfjilder Mart Dijkstra (eks-Cambuur). Dy spile Sven Braken oan en hy makke de 2-0 foar de klup út Nijmegen.

Pas yn de slotfaze kaam Cambuur wer yn de wedstriid. Mathias Schils joech in knappe pass op Issa Kallon. Nei in goede aksje oer links lei Kallon de bal werom. Kevin van Kippersluis like de oanslutingstreffer binnen te tikjen, mar it wie in eigen doelpunt fan Mart Dijkstra.

Lykmakker Mbende

Yn de blessueretiid sette Cambuur alles op alles en gie sintrale ferdigener Emmanuel Mbende mei nei foarren. It wie in gaos yn it strafskopgebiet fan Cambuur. Fan beide ploegen lei in spiler op de grûn. De bal bedarre by Mbende, hy kontrolearre knap en skeat de bal heech yn de goal, efter NEC-keeper Gino Coutinho.

NEC - SC Cambuur 2-2 (1-0) 43. Anass Achahbar 1-0, 59. Sven Braken 2-0, 87. Mart Dijkstra (e.d.) 2-1, 90+4. Emmanuel Mbende 2-2

Opstelling SC Cambuur: Mous; Van Wermeskerken, Mbende, Van Koesveld, Sambissa; Ciganiks, Schindler (76. Kallon), Schils; Maulun (61. Mathieu), Conraad (61. Rossi), Van Kippersluis

Trefwurden: 
SC Cambuur fuotbal NEC
(advertinsje)