Winnend SKS-skipper Douwe Visser: "Dit is noch nea fertoand"

"Kwa kampioenskip oer de hiele fjirtjin dagen is dit net ús moaiste titel, mar wol kwa spanning en alles. Noch nea fertoand." Dat sei skipper Douwe Visser fan it Grouster skûtsje, dat freed nei in histoarysk spannende klimaks it SKS-kampioenskip opeaske. Grou en It Hearrenfean einigen mei likefolle punten en dêrtroch telde it resultaat fan de slotwedstriid, dat yn it foardiel fan Grou wie.
De skippers fan Grou en It Hearrenfean
By skipper Sytze Brouwer fan It Hearrenfean, dat dus krekt op it twadde plak yn it einklassemint einige, wie de teloarstelling direkt nei de finish fansels grut. "It is no wat better. We ha echt fochten foar wat we wurdich binne. We wisten wat we dwaan moasten en dat slagge, oant in bepaald momint. We kinne ússels neat ferwite."
"Dit is wol hiel bysûnder", seit Visser. "En eins is Sytze hast likefolle kampioen as ús. We ha presys likefolle punten, mar dan telt de lêste wedstriid."

It plan fan Douwe Visser

It twadde plak fan Grou en it fjirde fan It Hearrenfean wie foar Grou presys genôch. Sa hie Visser it ek betocht. "Hiel simpel: je witte hoe't it klassemint is. En je witte wat der barre moat. Tongersdeitejûn wisten we it al: óf der moat ien tusken lizze en oars moatte we soargje dat der ien tusken komt."
Dat plan kaam foar Grou perfekt út. "Hy grypt it krekt goed foar ús noas wei, dat hat er goed dien", seit Sytze Brouwer oer de aksje fan Grou yn de slotfaze. Grou hold It Hearrenfean oan de kant en liet Drachten weromkomme, sadat dy tusken de twa titelkandidaten finishe koe. Brouwer: "Dat is Douwe syn goed rjocht. It is wedstriidsilen. Wy wolle kampioen wurde, Douwe wol kampioen wurde. Dit wie neffens my syn iennige kâns."
Gearfetting fan de slotwedstriid op de Snitser Mar
"Ik bin al wat âlder as Sytze", sei Visser oer it ferskil yn ûnderfining tusken de twa skippers. "Wy ha al tsien kear meimakke dat it der op de lêste dei noch om giet. Dat is in foardiel, dat je it alris meimakke ha. Fokus derop, sile en dat wie it."

Grutsk

Nei't de earste baalmominten foarby wienen, wie Brouwer ek fral grutsk: "We ha hiel moaie sylsport sjen litten. In stikje entertainment ek wol. Hearst elkenien deroer, hoe moai't se it fine. Dêr binne we ek grutsk op."