Sander Arends makket debút op US Open

17 aug 2018 - 18:31

Tennisser Sander Arends út Ljouwert is talitten ta it haadtoernoai fan de US Open. Hy sil mei de Kroäat Antonio Sancic meidwaan oan it dûbeldspul. It is foar Arends (27) de earste kear dat er oan it Amerikaanske Grand Slam-toernoai meidocht.

Foto: www.orange-pictures.nl

Earder dit jier die Arends ek al mei oan twa oare Grand Slam-toernoaien: Roland Garros en Wimbledon. In jier lyn makke er syn Grand Slam-debút op Wimbledon.

Mei Sancic wûn Arends ferline jier al trije Challenger-toernoaien. It duo stie yn jannewaris fan dit jier ek al yn twa oare finales.

De earste wedstriden op de US Open binne op moandei 27 augustus.

De US Open is it fjirde en lêste Grand Slam-toernoai fan it jier. De oare trije binne de Australian Open, Roland Garros en Wimbledon. Arends hat aanst dus op trije fan dy fjouwer toernoaien spile.

Trefwurden: 
Sander Arends tennis US Open
(advertinsje)
(advertinsje)