Fenna Kalma en Oranje ûnder 20 yn kwartfinale útskeakele op WK

It Nederlânske fuotbalteam ûnder de 20, mei Fenna Kalma fan Haskerhoarne yn de basis, is útskeakele op it WK yn Frankryk. Ingelân wie yn de kwartfinale mei 2-1 te sterk.
Oranje ûnder 20 mei Fenna Kalma steand, tredde fan links © www.orange-pictures.nl
Nederlân kaam noch wol op foarsprong. Victoria Pelova skeat nei alve minuten de 1-0 binnen. Goed tsien minuten letter stie it der alwer hiel oars foar: Georgia Stanway skoarde twa kear en sette Ingelân op 2-1.
Betiid yn de twadde helte krige Naomi Pattiwael in grutte kâns op de lykmakker, mar Ingelân-keeper Sandy MacIver brocht rêding. Oan de oare kant kaam Oranje goed fuort, doe't Stanway de latte rekke. Ek Anna Patten rekke let yn de wedstriid noch de latte foar Ingelân.
Nederlân krige yn de slotfaze gjin grutte kânsen mear en dus einiget it WK yn de kwartfinale.