Ynwenner Drachten wol busremize fuort ha

17 aug 2018 - 17:35

De busremize oan de Pascalleane yn Drachten moat dêr wei. Dat fynt in man dy't der flakby wennet. Dy stie freed by de Ried fan Steat tsjinoer de gemeente Smellingerlân.

Foto: ANP

De man seit dat de remize te ticht op syn hûs stiet en dat it leven dat der makke wurdt foaral nachts net te hurdzjen is. De gemeente seit dat de busremize der gewoan bliuwe kin, nettsjinsteande dat ferfiersbedriuw Arriva sân kear in lûdsrapport yntsjinne moatten hat foardat it plan foar de remize der troch kaam.

Neffens de buertbewenner liet it foarige bestimmingsplan in busremize net ta en hat de gemeente de remize gewoan in nij bestimmingsplan 'ynfytst'. De Ried fan Steat moat der in streek trochsette, fynt er.

De útspraak komt oer in pear wiken.

(advertinsje)
(advertinsje)