Boargemaster slút hûs yn Ljouwert fanwege drugs

Boargemaster Crone fan Ljouwert hat tongersdei in hûs oan Achter de Hoven yn Ljouwert slute litten, omdat de plysje der harddrugs fûn hie. De drugs dy't fûn binne, binne yn striid mei de Opiumwet en dan mei in boargemaster beslute om in hûs foar in skoft ticht te dwaan.
Boargemasters jouwe geregeld opdracht om in hûs ôf te sluten, as der sprake is fan in drugskonneksje. Op dy manier moat drugshannel tsjingien wurde en moat oerlêst foar de buert foarkaam wurde. Gemeenten wurkje nau gear mei de plysje en justysje om drugshannel oan te pakken.