Meiswimmen mei alvestêdetocht Maarten van der Weijden giet net troch

17 aug 2018 - 16:16

Maarten van der Weijden swimt kommend wykein allinne de alvestêdetocht. De meiswimmers kinne net mei, omdat de wetterkwaliteit op de rûte te min is en dat soarget foar risiko's foar de sûnens fan de minsken. De organisaasje fan it swimevenemint hat dat besletten yn oerlis mei it Wetterskip en GGD Fryslân. Der soene tûzen minsken meiswimme mei Van der Weijden.

De parsekonferinsje mei Maarten van der Weijden - Foto: Omrop Fryslân, Froukje Sijtsma

Maarten van der Weijden

Van der Weijden baalt ferskriklik dat de minsken net meiswimme kinne. "Ik kan niet onder woorden brengen hoe zeer ik hier van baal. Het doel is immers niet om drie dagen te zwemmen, het doel is om zo veel mogelijk geld op te halen voor kankeronderzoek. Daarvoor hebben al die deelnemers maanden getraind. De teleurstelling is groot, voor al die zwemmers die donateurs hebben geworven en voor alle vrijwilligers, die zich maandenlang met hart en ziel hebben ingezet."

Sels rint er ek risiko, mar hy hat wol in búkgryp oer foar it goeie doel, seit er. "Ik realiseer mij dat de kans groot is dat ik bijvoorbeeld een buikgriep oploop. Maar dat risico kan ik voor mijzelf nemen. Voor deelnemers ligt dat anders. De vergunning voor de City Swims is afgegeven onder voorwaarde dat het zwemwater voldoet aan de normen. Dat is helaas niet het geval."

Foto: Omrop Fryslân, Remco de Vries

Ferd Crone oer de meiswimmers

Boargemaster Ferd Crone fan de gemeente Ljouwert fynt it ek ferskriklik skande, mar is der neffens him gjin oare kar. "Helaas moeten we onder ogen zien dat zwemmen nu onverantwoord is. Laten we ons vooral zoveel mogelijk blijven inzetten voor dat geweldige doel waarvoor Maarten zwemt; kankeronderzoek."

De jildynsammeling giet wol troch. Van der Weijden hopet dat safolle mooglik minsken him ûnderweis dochs op oare manieren stypje wolle.

Meiswimme yn swimbad?

Foar de minsken dy't net meiswimme kinne is der ek stipe út ûnferwachte hoeke. Al twa swimbaden biede de minsken oan om dêr te kommen. As pleister op de wûne fan de teloarstelling, sizze swimbad de Blauwe Golf yn Ljouwert en swimbad Mounewetter yn Wytmarsum. De swimbaden besykje it fia de organisaasje fan de swimalvestêdetocht kenber te meitsjen oan de hast tûzen minsken dy't sneon, snein of moandei in stikje meiswimme soene.

Belangstellenden kinne in mailtsje stjoere nei: info@zwembadmounewetter.com.

(advertinsje)