Grou wint SKS-kampioenskip nei tige spannende slotwedstriid

17 aug 2018 - 16:05

It skûtsje fan Grou is nei in tige spannende slotwedstriid op 'e nij kampioen wurden fan de SKS. De slotwedstriid op de Snitser Mar smiet in oerwinning op foar d'Heale Moanne, mar it twadde plak fan Grou wie genôch om de kopposysje yn it klassemint oer te nimmen fan It Hearrenfean, dat fjirde waard op de Snitser Mar. Yn it klassemint komme de twa skûtsjes op likefolle punten (43,8) en dan jout de útslach yn de slotwedstriid de trochslach. It tredde poadiumplak yn it einklassemint is foar Akkrum, dat freed sânde waard.

Yn it firtuele klassemint wie it de hiele dei stuorke wikselje om de kopposysje. It Hearrenfean soe kampioen wurde, as se net mear as ien plak achter Grou einigje soenen. De twa skûtsjes strieden mei d'Heale Moanne en Drachten om de winst yn de lêste wedstriid.

Uteinlik gie de dei-oerwinning nei d'Heale Moanne. Grou kaam as twadde oer de finish, mei Drachten en It Hearrenfean der inkelde sekonden efter.

Winner Douwe Visser fan Grou

De ûntlading by skipper Douwe Visser wie grut nei ôfrin: "Dit wie de hiele dei rekkenjen. Moaier kin it net foar ús. It siet de hiele tiid net mei. Ik sei: wy ha twa kânsen. De earste wie om d'Heale Moanne te pakken, mar dat slagge net. Dus moasten we soargje om It Hearrenfean efter ús te litten en dat Drachten der presys tusken koe. Dit is noch nea prestearre." Drachten spile dêrmei in beslissende rol by it bepalen fan de kampioensstriid yn de SKS fan dit jier.

It is it fiifde SKS-kampioenskip foar Douwe Visser as skipper fan Grou. Hy wûn ek al yn 2005, 2009, 2014 en ferline jier.

Skipper Douwe Visser krijt it Sulveren Skûtsje - Foto: SKS
De nûmers 1, 2 en 3 fan dit jier - Foto: Martin de Jong

Skipper Sytze Brouwer fan It Hearrenfean

Oan de oare kant wie de teloarstelling by It Hearrenfean fansels hiel grut. Skipper Sytze Brouwer: "Tichterby kinst net sitte. We ha hjoed hiel hurd syld en fochten foar wat we wurdich wienen. We wisten: we moatte ien plakje achter Grou, dan is it prima. By it lêste rak wie dat ek noch sa."

"Dêrnei sleat hy (Douwe Visser) ús yn en liet Drachten der del. Dat is syn goed rjocht. It mei, dat is wedstriidsilen. En dêr is hy hiel goed yn."

De finale fan de SKS yn Weistra op wei

It einklassemint fan de SKS 2018

Plak Skûtsje Skipper Punten nei ôftrek
1. Grou Douwe Visser 43,8
2. It Hearrenfean Sytze Brouwer 43,8
3. Akkrum Pieter Meeter 50,7
4. De Lemmer Albert Visser 52
5. Ljouwert Willem Zwaga 54,7
6. Earnewâld Gerhard Pietersma 55,9
7. Huzum Johannes Meeter 65
8. Starum Auke de Groot 67,8
9. D'Heale Moanne Klaas Westerdijk 67,9
10. Drachten Jeroen Pietersma 78
11. De Jouwer Rienus de Jong 90
12. Snits Jappie Visser 92
13. Wâldsein Teake Klaas van der Meulen 95
14. Langwar Jaap Zwaga 102
(advertinsje)
(advertinsje)