Untromme âldereinkompleks Drachten wer frijjûn

17 aug 2018 - 15:03

De 156 bewenners fan in âlderienkompleks oan de Burefen yn Drachten binne werom nei harren hûs. It kompleks waard freedtemoarn ûntromme neidat der in gaslek ûntstien wie. Neidat netwurkbehearder Liander de haadgaslieding ôfsletten hie en it gebou fentilearre hie, wie de situaasje wer feilich.

Foto: Srfotografie

De bewenners waarden opfongen yn it neistlizzende wensoarchsintrum Rispinge. Omdat se noch mobyl binne, is de ûntromming neffens Ingrid Weert fan de brânwacht sûnder grutte problemen ferrûn. Neffens Weert keas net elkenien derfoar om nei de opfanglokaasje te gean. Der wiene ek bewenners dy't in plakje yn it sintsje sochten of om in boadskip giene.

Hoe't it gaslek ûntstean koe, is noch net bekend.

Trefwurden: 
Drachten gaslek
(advertinsje)