Sa'n 95.000 besikers komme op earste optreden De Reuzen ôf

Der wiene freedtemoarn mei de iepening fan it spektakel De Reuzen fan teäter Royal de Luxe sa'n 95.000 besikers yn it sintrum fan Ljouwert. Dat is de earste offisjele tuskenstân fan de gemeente. Neffens de gemeente komme der ek in soad positive reaksjes binnen en binne der noch gjin ynsidinten meld.
It Famke wurdt wekker © ANP
De drokte wie neffens Akkie Feenstra fan de gemeente goed op te fangen, benammen de parkearterreinen bûten de stêd wurken goed.
Minsken dy't mei it iepenbier ferfier kamen, moasten mear geduld ha. De treinen sieten oan it begjin fan de moarn sa fol, dat se foarby stasjons lykas Grou, Feanwâlden en Mantgum rieden, wylst op de perronnen hûnderten minsken stiene te wachtsjen.

Ekstra bussen

Ferfierder Arriva stjoerde ekstra bussen nei de stasjons om reizgers op te pikken. Op de stasjons waard omroppen dat minsken geduld ha moasten. Arriva hie sels treinen út Limboarch komme litten om besikers fan it evenemint te ferfieren. Mear materieel op it spoar ynsette koe neffens de ferfierder fanwege de feilichheid net.
It spektakel begûn freedtemoarn om tsien oere en doe wie it fuort al hiel drok. In soad minsken woene meimeitsje hoe't de dûker, it famke en it hûntsje wekker waarden. De trije reuzen makken dêrnei in pear oeren in kuier troch de stêd. Nei in powernap fan trije oeren waarden se om fjouwer oere wer wekker en gienen se wer op stap.
Hâld ús liveblog de kommende dagen yn de gaten foar al it nijs oer de Reuzen.