Foarútsjen op it nije seizoen fan SC Cambuur

17 aug 2018 - 14:01

SC Cambuur begjint freedtejûn yn Nijmegen oan it nije seizoen yn de earste difyzje. NEC is de tsjinstanner. Hoe steane de Ljouwerters derfoar, nei in drokke transfersimmer? Mei sportferslachjouwer Geert van Tuinen sjogge we foarút op it nije seizoen fan Cambuur.

Andrejs Ciganiks - Foto: www.orange-pictures.nl

Cambuur hat nochal wat nije spilers. In soad bûtenlânske spilers ek. Boppedat binne der nochal wat spilers fuortgongen. Is Cambuur der better op wurden of net?

"Ik moat earlik sizze: doe't ik Cambuur de earste wedstriden oefenjen seach tocht ik: wat moat dit wurde? Der siet amper lijn yn en tsjin De Graafschap waarden de Ljouwerters fan it fjild ôffage en tsjin Jong Vitesse wie it allegearre ek noch net om oer nei hûs te skriuwen. Mar wêr't in konsekwinte gedachte oer it spul en ienriedigens ta liede kin, die yn de wiken dêrnei bliken. Almere City, Sparta Rotterdam, Jong Ajax: Cambuur wist alle trije wedstriden te winnen en wat belangriker is: mei hieltyd better spul. De seleksje wie op tiid reedlik folslein, dus ja, Cambuur koe der wolris better op wurden wêze."

De transferperioade duorret oant en mei 31 augustus. Stiet der noch wat te barren by Cambuur?

"It is bekend dat Cambuur dit seizoen minder jild te besteegjen hat. Der is in ôfbou yn de fergoeding dy't sy krigen nei de degradaasje en mei de komst fan Sparta, FC Twente en Roda JC yn de Keuken Kampioen Divisie (pff, dat krij ik amper de strôt út) sakket Cambur ek noch wat yn de ranking. Minder jild betsjut minder jild om út te jaan. René Hake woe de technyske en medyske stêf útwreidzje bygelyks, mar dat slagget no net. Spitich. Nije spilers sille der foar 31 augustus allinnich noch komme as der oaren fuortgean. Dat is op it momint net konkreet, dus sil Cambuur him mei dizze spilersgroep rêde moatte."

Wêr moatte wy foaral nei sjen dit seizoen? Wat wurde de spilers om fan te 'smullen' of wa wurdt de ferrassing?

"Ik sjoch mei hieltyd mear wille nei de Frânske linksback David Sambissa. Hy foldocht my hieltyd better. Dat jildt ek foar Robin Maulun op it middenfjild. Kevin Schindler kin in rêstpunt wurde, mar hy is net de rapste. Sjen hoe't dat útpakt yn de kompetysje. Absolute oanwinst is de Let Andrejs Ciganiks. Dynamyk, kriich en trochsettingsfermogen: hy hat it allegearre. Hy wurdt in belangrike skeakel. En ik bin hiel benijd na de twa spitsen Nigel Robertha, absolút talint, en Karim Rossi. We hawwe se beide ferline jier wat te min sjoen en spitigernôch binne se no beide ek blessearre, mar it soe wol ris wat wurde kinne mei dy twa foarop."

Foto: Dijksfotografie

Wikseljende resultaten yn de tarieding. Fuortspile troch De Graafschap, mar knap wûn fan Sparta. Wat seit dizze tarieding?

Ach, tarieding seit my eins net safolle. As freed om 20.00 oere yn Nijmegen foar Cambuur de kompetysje begjint, dan giet it derom. De echte wedstriidspanning is hiel oars as by oefenpotsjes. Dan sille wy sjen wat dy groei yn de oefenfaze wurdich is. De start is swier: NEC-út. Altyd hiel lestich. Boppedat: Robbert Schilder en Matthew Steenvoorden binne beide skorst foar de earste wedstriid en it spitseduo is der ek net. Yn de dêrop folgjende wedstriden sjocht Cambuur in protte perspektyf, mar ik soe it net witte. Ik ha al dy klups yn de tarieding net yntinsyf folge.

De earste difyzje is nochal wat ynteressanter wurden. Klups dy't faak earedifyzje spylje, spylje no in nivo leger. Twente, Sparta en Roda JC binne der by kaam en NEC is net promovearre. Kin Cambuur him minge yn dit geweld?

Dêr bin ik dus hiel benijd nei. Cambuur wol echt fuotbalje. Dat kin in foardiel wêze tsjin dy klups. Mar poeh, de konkurrinsje is noch nea sa grut west. It is de bêste earste difyzje sûnt jierren. Dat is moai foar it publyk, mar oft Cambuur dat nivo struktureel oantikje kin, dat moatte we noch sjen. Mar goed, ik bin in optimistysk minske en dus gean ik derfan út dat Cambuur de play-offs wol wer helje sil. Mar kampioen sjoch ik de Ljouwerters dit seizoen net wurden.

Trefwurden: 
SC Cambuur fuotbal
(advertinsje)
(advertinsje)