FIDEO: Skûtsjesylfinale op Snitser Mar; wa wurdt SKS-kampioen?

Freedtemiddei stiet de lêste SKS-wedstriid fan it seizoen op it programma. Nei de finale op de Snitser Mar is bekend watfoar skipper mei watfoar skûtsje him kampioen fan 2018 neame mei. Folgje de apoteoaze streekrjocht fia Omrop Fryslân.

Spanning

Mei noch ien wedstriid te gean binne der noch seis skûtsjes dy't dit jier kampioen wurde kinne. It Hearrenfean giet as klassemintslieder de slotwedstriid yn (39,9 punten). Grou sit dêr minder as twa punten achter (41,8). Akkrum (43,6) is tredde.
De Lemmer (44), Ljouwert (45,7) en Earnewâld (49,9) soene freed ek noch kampioen wurde kinne yn de lêste wedstriid op de Snitser Mar.
It klassemint foarôfgeand oan de lêste wedstriid © Omrop Fryslân
Online stjoert Omrop Fryslân it skûtsjesilen live út, mei kommentaar fan Freark Wijma en Eelke Dijkstra. Yn Fryslân Hjoed is jûns in analyze fan de wedstriid te sjen. En om 21.00 oere is der in wiidweidich ferslach op TV.