FIDEO: In kompilaasje fan de earste tocht fan de Reuzen

17 aug 2018 - 17:54

De Reuzen fan Royal de Luxe hawwe freedtemoarn harren earste stappen yn Ljouwert set. Dat luts fuortendaliks tûzenen minsken nei de Fryske haadstêd. In koarte kompilaasje.

Wolle jo noch mear Reuzen sjen, dan is ek de hast folsleine útstjoering fan freedtemoarn werom te sjen. Dat kin yn de fideo hjirûnder.

Foar mear ynformaasje en bylden fan de Reuzen dit wykein ferwize wy jo troch nei ús liveblog dat ek sneon en snein aktyf wêze sil. Dizze foarstellingen sille net útstjoerd wurde, om't de organisaasje de minsken graach nei Ljouwert ta hawwe wol, en sy in folsleine live-útstjoering dêrom net sitten sjogge.

Trefwurden: 
reuzen Royal de Luxe
(advertinsje)