Sintralist Meldkeamer yn Drachten telefoanysk bedrige
In sintralist fan de Meldkeamer Noard-Nederlân yn Drachten is tongersdeitejûn meardere kearen telefoanysk bedrige. In ynwenner fan Fryslân belle de sintrale ferskate kearen efterinoar en bedrige de meiwurker.
De Meldkeamer hat oanjefte dien en de plysje hat de saak yn ûndersyk. Neist dat it strafber is en hiel ferfelend foar de sintralist, is it ek gefaarlik om de telefoanline beset te hâlden foar minsken dy't echt yn need sitte, sa jout de Meldkeamer oan.