Omrop TIP: it Skûtsje Kafee oer de IFKS

17 aug 2018 - 12:51

De jûns foar it Iepen Frysk Kampioenskip Skûtsjesilen (IFKS) sjogge we yn it Skûtsje Kafee foarút en werom mei skippers, bemanningsleden, bestjoersleden en kampioenen. It Skûtsje Kafee is freed 17 augustus fan 19.00 oant 20.00 oere te hearren by Omrop Fryslân op de radio.

Brundel kampioen yn 2015 - Foto: Martin de Jong

Feteraan en nijkommer

Te gast is ûnder oare Tony Brundel. Sûnt 1996 sylt hy mei syn skûtsje de Lytse Lies yn de grutte A-klasse, wêrmei't hy de langstsilende skipper is op dit nivo. Fiif kear waard er IFKS-kampioen. Hy fertelt oer syn (persoanlik) drege simmer ferline jier en oer syn ambysje om noch in kear kampioen te wurden. Daan van der Meer sylt dit jier foar it earst mei yn de heechste klasse en dat mei in nij skûtsje. Wat kin hy leare fan feteraan Brundel?

Skipper op ôfstân

Skipper Wytse Heerschop fan skûtsje de Woeste Oane wurket en wennet sûnt yn lyts jier yn Dubai. Dat leit net om de hoeke. Hoe hat hy him mei syn bemanning taret op it kommende kampioenskip? Foarsitter fan de IFKS Sicko Heldoorn komt del en we binne by it tradisjonele 'Captainsdiner' dêr't we alle kampioenen fan ferline jier treffe.

Johannes Rypma fersoaget de muzyk yn it Skûtsje Kafee yn Hylpen - Foto: OF

Sjoukje Tadema, bemanningslid fan it Eastermarder Skûtsje, fersoarget in kollum en muzyk is der fan Johannes Rypma. De opnamen fan it Skûtsje Kafee binne fan 17.30 oant 18.30 oere by restaurant De Hinde oan de haven yn Hylpen.

(advertinsje)
(advertinsje)