Rêdingsbrigaden begeliede swimmer Maarten van der Weijden lâns Alvestêden

17 aug 2018 - 12:45

Rêdingsbrigaden út hiel Nederlân sille it kommende wykein swimmer Maarten van der Weijden begeliede, wannear't dy lâns de alve stêden swimt. It giet om mear as 100 frijwilligers fan 16 brigaden út ûnder oare Amersfoort, Arnhem en Bergen op Zoom. Mar ek Fryske brigaden út Drachten, Ljouwert, De Lemmer en Weststellingwerf dogge mei. Se nimme dêrfoar sa'n 30 boaten mei.

"Emily", de sonar-drone fan de Reddingsbrigade Nederland - Foto: Omrop Fryslân, René Koster

Sonar rêdingsbrigade alvestêdeswimtocht

Freed wurdt mei in spesjale sonar-drone op risikoplakken sjoen hoe't it der ûnder wetter útsjocht. Mochten se obstakels tsjinkomme, lykas fytsen en winkelkarkes dy't yn it wetter smiten binne, dan wurde dy fuorthelle of de swimmers wurde derfoar warskôge.

De rêdingsbrigaden rjochtsje op seis plakken lâns de rûte posten yn.

Sa wurde de ûnderwetterbylden ôflêzen - Foto: Omrop Fryslân, René Koster

Van der Weijden giet sneontemoarn ier en betiid, om kertier oer fjouweren hinne, oan de Swettehaven yn Ljouwert fan start mei syn meunsterswimtocht. Minsken kinne him noch altyd stypje mei donaasjes.

(advertinsje)