Bewenners âldereinkompleks Drachten evakuearre om gaslek

17 aug 2018 - 11:45

Fanwegen in gaslek yn in âldereinkompleks oan de Burefen yn Drachten binne 156 bewenners freedtemoarn evakuearre. Se binne oerbrocht nei in oare lokaasje, it wensoarchsintrum Rispinge. De bewenners moatte dêr bliuwe oant netbehearder Liander it gaslek reparearre hat.

Foto: Srfotografie

Liander hat de haadgaslieding yntusken ôfsletten en makket it gaslek ticht. Neidat de brânwacht it kompleks fentilearre hat, kinne de bewenners werom nei harren wenningen.

(advertinsje)