Sylried SKS wiist heger berop Pietersma en Earnewâld ôf

17 aug 2018 - 11:22

De sylried fan de SKS hat freedtemoarn it heger berop dat it skûtsje fan Earnewâld yntsjinne hie ôfwiisd. Dat betsjut dat skipper Gerhard Pietersma en syn bemanning op it sechsde plak stean bliuwe yn it klassemint.

It skûtsje fan Earnewâld - Foto: ANP

Pietersma wie yn heger berop gien omdat in earder protest ôfwiisd waard. Dit protest hie er tongersdei yntsjinne tsjin it skûtsje fan It Hearrenfean. It waard ôfwiisd, omdat dat net op basis fan it goede artikel yntsjinne wie, sei de sjuery. De sylried naam it beslút fan de sjuery oer.

Oanfarring by De Lemmer

Earnewâld wie net it iennige skûtsje dat tongersdei protest yntsjinne by de SKS. Ek It Hearrenfean en Akkrum hiene dit dien, mar allinnich it protest fan It Hearrenfean tsjin Earnewâld waard takend. De SKS hat besletten om Akkrum it gemiddeld oantal punten te jaan.

De trije skûtsjes kamen mei- inoar yn oanfarring by de ûnderste tonne.

Trefwurden: 
skûtsjesilen Earnewâld SKS
(advertinsje)
(advertinsje)