Grôtfolle treinen ride stasjons foarby op wei nei reuzen yn Ljouwert

17 aug 2018 - 10:53

Treinen rjochting Ljouwert sitte smoarfol mei minsken dy't nei it evenemint De Reuzen wolle. De drokte is sa grut dat treinen stasjons yn bygelyks Mantgum, Grou en Feanwâlden foarby ride, wêrtroch't minsken dy't steane te wachtsjen net meikinne.

Stasjon Frjentsjer - Foto: Omrop Fryslân, Miranda Werkman

Ferfiersbedriuw Arriva meldt dat it syn bussen en treinen maksimaal ynset, mar warskôget dat reizgers der rekken mei hâlde moatte dat se langer ûnderweis binne as normaal.

De gemeente Ljouwert riedt minsken dy't harren auto yn Grou parkearje wolle en dêrnei mei de trein nei De Reuzen wolle oan, om troch te riden nei de stêd. Neffens de gemeente is dêr noch genôch plak om te parkearjen. "Niet wildparkeren in Grou a.u.b.", skriuwt de gemeente op Twitter.

It evenemint De Reuzen is freed live te folgjen by Omrop Fryslân. Hâld foar it lêste nijs ek ús liveblog yn de gaten.

(advertinsje)
(advertinsje)