Unbekenden smite fjoerwurkbom nei binnen by 88-jierrige frou

17 aug 2018 - 10:44

By de wenning fan in 88-jierrige ynwenster fan Skarsterbrêge is yn de nacht fan tongersdei op freed in fjoerwurkbom fia de brievebus nei binnen ta smiten. Troch de hurde knal gie it brânalarm yn de wenning ôf.

De fjoerwurkbom - Foto: Erik Wolbers

De frou is neffens de plysje bot skrokken fan al it lûd. Se is opfongen troch famylje. De plysje hat ûndersyk dien. Dêr docht út bliken dat de frou nei alle gedachten in 'willekeurig' slachtoffer west hat. Se hie neffens de plysje mei net ien spul en der spilet ek neat yn de buert.

De plysje nimt de saak heech op. Wannear't der brân ûntstien wie, dan hie dit hiel oars ôfrinne kinnen, seit de plysje. Dy ropt tsjûgen op om harren te melden.

(advertinsje)