Foutparkearre auto's yn sintrum Ljouwert fuortsleept om De Reuzen

De gemeente Ljouwert hat tongersdeitejûn en -nacht fiif auto's yn it sintrum fan de stêd fuortsleept. De auto's stiene parkearre yn de Grutte Tsjerkestrjitte. Dêr wie in parkearferbod ynsteld fanwege it evenemint De Reuzen.
De rûte fan de Reuzen van Royal Deluxe op freed © LF2018
De gigantyske marionetten moatte troch de strjitte en dêrom moasten auto's tongersdei oan de ein fan de dei al fuort. Dat wie neffens de gemeente op buorden yn de strjitte dúdlik oanjûn.
De auto's binne nei in terrein oan de Snitsertrekwei brocht. De eigeners kinne se dêr ophelje, mar moatte dan in boete betelje. Dy kin oprinne oant 450 euro. Fan de fiif fuortsleepte auto's wiene twa fan gemeentlike amtners.
De gemeente hat tongersdeitejûn ek 35 foutparkearre fytsen fuorthelje litten. Freedtemoarn waarden nochris 71 fietsen fuorthelle út de Ljouwerter binnenstêd. De eigeners kinne harren fytsen fergees ophelje by de AFAC oan de Voltastrjitte yn Ljouwert.
It evenemint De Reuzen is freed live te folgjen by Omrop Fryslân. Hâld foar it lêste nijs ek ús liveblog yn de gaten.