Skylge moat beskerme wurde

28 jun 2012 - 14:19

Organisaasjes op Skylge sykje oerienstimming oer de beskerming fan it eilân tsjin ôfslach. It Platform Duurzaam Landschap Terschelling presintearre woansdei in manifest oer de kustbeskerming. It platfoarm hat mjittings en berekkenings dien om ferset te bieden tsjin de koers fan Rykswettersteat om parten fan it eilân yn see ferdwine te litten.

Op de eastkant wol it platform sânsuppleesje foar it behâld fan de Boschplaat, op West-Skylge wol it platfoarm in grutter gebiet binnen de beskerming fan de dykring falle litte.

Trefwurden: 
Skylge ôfslach
(advertinsje)
(advertinsje)