LIVEBLOG: De earste dei fan De Reuzen yn Ljouwert

17 aug 2018 - 12:32

De Dûker, it Famke en de hûn Xolo kuierje freed 17 augustus foar it earst troch de Fryske haadstêd. Omrop Fryslân lit fia in livestream bylden sjen fan dy earste foarstelling troch Ljouwert. Presintatrise Jantine Weidenaar fersoarget it kommentaar by de bylden. Fierder is der in ferslachjouwer op 'en paad om de mieningen fan it publyk te peilen en de sfear yn de stêd te priuwen.

17:35
Jim ha noch alle tiid om te shoppen
17:35
Dizze kreaasje fan deputearre Poepjes wolle wy jim net ûnthâlde
17:34
Ald-wethâlder fan Ljouwert hat har kar om de moaiste reus al makke.
15:57
Vlogmeister Bauke socht út hoe't it is om as toerist nei De Reuzen te gean
15:25
Ek yn it skoft is der genôch te sjen. In ympresje makke troch Timo Jepkema
14:50
Wa is in smartphone kwyt? Kinst him helje by ús kollega Lennie Bronsveld
14:49
Siësta foar it famke
14:27
De direkteur fan Merk Fryslân is fansels ek oanwêzich
12:58
Ek it blog hat efkes skoft. Yntusken kinne wy ús opmeitsje foar de ûntknoping fan it skûtsjesilen. Daliks live op radio, tv en online.
12:32
Hy sil no 'lekker sliepe'
12:24
De Dûker hat de Aldehou berikt!
12:17
Blokjes yn byld...

We krije in soad berjochtsjes en tillefoantsjes fan sjoggers dy't fragen ha oer ús tv-útstjoering en de ferbining. We lizze hjir út hoe't it kin dat der sa no en dan 'blokjes' yn byld binne. We binne ôfhinklik fan it 4G-netwurk dat hjoed flink belêste wurdt troch alle besikers. We ha eigen dongels en ekstra kapasiteit, mar ek dat is krekt net genôch om yn HD filmje te kinnen. Fansels ha wy ek tv-weinen mei in eigen ferbining. Dy meie allinnich net fan de organisaasje yn it sintrum komme. Wy kinne dus neat mear dwaan om de reuzen foar jim yn byld te bringen.

12:03
Guon minsken moatte ek gewoan wurkje.
11:44
Je ha grutte reuzen, en lytse reuzen
11:28
Yn de rezjykeamer fan Omrop Fryslân

Timo Brinkman soarget foar de rezjy. Mei al dy minsken yn de stêd is it ek foar ús in hiele útdaging om alle ferbiningen tip-top te hâlden. It kin dus sa wêze dat der sa no en dan in lyts dipke yn it byld sit. Dit hat alles te krijen mei de grutte fraach nei ynternet.

Foto: Omrop Fryslân, Ronald van der Pol
11:26
Al dy eveneminten yn de provisje betsjut topdrokte foar de helptsjinsten
11:19
In kolkjende massa
De hûn Xolo is trije meter heech - Foto: Omrop Fryslân, Miranda Werkman
11:18
In knypeach fan sc Hearrenfean nei de Ljouwerters
10:56
Wa't it earst op de trein stapt, komt yn Ljouwert oan
10:53
Padum, tssssss...
10:45
Noch in kertierke...

De dûker is de grutste fan de trije reuzen. Hy is 11 meter heech en is 3000 kilo swier.

10:39
Twa oproppen fan de gemeente Ljouwert:
10:38
SOCHT: De âlders fan Emilio
10:36
Soe de trein trochride of net...
10:33
It wachtsjen is no op de Dûker. Dy wurdt wekker om 11:00 oere
10:30
Dizze fytsen gean nei de AFAC. Se stien ferkeard en binne dus fuorthelle
10:23
Goed nijs foar minsken dy't noch op de perronnen stean

Arriva set no ekstra bussen yn om minsken op te heljen. De treinen sitte sá fol, dat se stasjon oerslaan moatte en dus trochride. Benammen op sosjale media smyt dat in soad negative reaksjes op yn de rjochting fan Arriva.

10:21
It famke wurdt wekker...
Foto: Omrop Fryslân, Johan Terpstra
10:14
Dé tip foar minsken dy't der net komme kinne
10:06
In foto fanút de Achemeatoer wei lit goed sjen hoe drok it is
10:05
Se binne hjir foar it earst, en dus net sa bekend...
9:54
Yn Mantgum jouwe guon minsken it op

Dêr binne al trije treinen fan Arriva trochriden mei minsken út Snits foarby riden.

9:52
Kollega Bauke Deelstra is yntusken ek yn Ljouwert oankaam
9:45
Ast te plak bist, kin it wachtsjen begjinne. Noch hiel efkes en dan barst it los.
9:40
Fanwege de drokte set Arriva no ekstra bussen yn. Folgje harren tweets foar aktuele ynformaasje
9:37
Gemeente Ljouwert sleept auto's fuort

De gemeente Ljouwert hat justerjûn en fannacht fiif auto's yn it sintrum fan de stêd fuortsleept. De auto's stiene parkeard yn de Grutte Tsjerkestrjitte. Dêr wie in parkearferbod ynsteld fanwege it evenemint De Reuzen. Dy moatte troch de strjitte en dêrom moasten auto's juster al fuort. Dat wie neffens de gemeente op buorden yn de strjitte dúdlik oanjûn. De auto's binne nei in terrein oan de Snitsertrekwei brocht. De eigeners kinne se dêr ophelje, mar moatte dan in boete betelje. Dy kin oprinne oant 450 euro. Fan de fiif fuortsleepte auto's wiene twa fan gemeentlike amtners. De gemeente hat ek 35 foutparkearde fytsen fuorthelje litten.

9:39
Yntusken yn de binnenstêd
9:35
Drokte by de parkearterreinen

Op yndustryterrein de Hemrik ûntstiet no in file foar de yngong fan it parkearterrein.

9:23
En ast dan yn de trein sist, dan sjocht dat der sa út:
9:22
Minsken dy't net parkearje wolle yn Ljouwert sykje oare plakken lykas hjir yn Feanwâlden.
Kreatyf parkearje yn Feanwâlden - Foto: Omrop Fryslân, Thea van der Schaaf
9:18
De trein fan Snits rydt Mantgum foarby

Ek by Arriva grutte drokte. Minsken dy't wachtsje op it stasjon fan Mantgum sjogge no al de trein oan harren foarby riden. De trein wie yn Snits al propfol. Der kin gjin ien mear by.

Minsken by Mantgum moatte langer wachtsje - Foto: Omrop Fryslân, Arjanne Nijp
9:15
Reuzemoai waar hjoed:

It wurdt hjoed in prima dei. Earst noch in soad bewolking, mar de sinne wint terrein. Foaral fan 'e middei en jûn flink wat sinne. De temperatueren rinne fan 'e middei op nei sa'n 21 oant 23 graden en dêrmei is it in normale waarme simmerdei. De wyn komt út it westen oant noardwesten en is meast matich, krêft 3 of 4. Ut en troch noch frij krêftich, krêft 5. Jûn om 20.00 oere sa'n 18 graden en de kommende nacht giet de temperatuer werom nei 14 of 15 graden.

9:12
Drokte...

We krije berjochten dat yn Grou de treinen al sa fol sitte, dat tsientallen minsken op it perron stean te wachtsjen op de folgjende trein.

9:03
Ek op it stasjon fan Frjentsjer no al grutte drokte
Stasjon Frjentsjer - Foto: Omrop Fryslân, Miranda Werkman
9:01
En komst mei de trein, dan moatst op tiid wêze. Dit is Akkrum.
Drokte op it stasjon fan Akkrum - Foto: Omrop Fryslân, Johan Terpstra
8:49
Der binne trije parkearterreinen dy't hjoed iepen binne oan't 22:00 oere. Pindelbussen ride hjoed oant 21:30 oere.
8:39
Meitsje se mar net wekker!
De earste besikers yn Ljouwert - Foto: Kappers Media
8:36
Dit binne de trije rûtes dy't De Reuzen kuierje
8:35
De wekker stiet op 10:00 oere
(advertinsje)