Kollum: "Facebook"

"Ik bin al in pear wiken fan Facebook ôf. Ik fûn der eins net safolle mear oan, mar betrape mysels derop dat ik der al te faak en te lang mei oan 'e gong wie. Hiel apart en doe ha ik fakânsje nommen. It libben wurdt der ienfâldiger troch en myn telefoan is amper mear leech. Messenger ha 'k noch wol en appe doch ik ek, mar dat is beheind ta in pear berjochten. Kinst net troch in tiidline scrolle en dêr giet no krekt de measte tiid yn sitten.
Hilda Talsma © Omrop Fryslân
De Toan fan Hilda Talsma
No't ik sels de telefoan net in soad mear brûk, falt it my op dat oaren dat al dogge. Myn eagen sjogge de wide wrâld yn en in protte minsken loere op it skermke. Bygelyks steltsjes dy't 'gesellich' mei elkoar yn 'e tún sitte. Ik sjoch harren wol, mar sy my net. Se sjogge elkoar net iens.
Sa giet it hjoeddeis en ik tink net dat it ea wer oars wurdt. Ik moast ek wol in bytsje ôfkicke en betiden is de ferlieding wolris grut om efkes te sjen. Dat doch ik út en troch ek omdat guon lju echt kontakt sykje fia Facebook en dy witte miskien net dat ik fakânsje ha.
Sa krige ik lêsten in tip dat immen twa boeken fan my keapje woe en ik ha him in freonskipsfersyk stjoerd. Hannel is hannel mar jûns krige ik in priveeberjocht. In oar hie dat sjoen en makke dêr in opmerking oer. Dat ik it net sa lang folhold mei myn fakânsje.
Wurdst dus al yn 'e gaten holden. Dêr hoege we de dyk net mear foar út want dat docht Facebook no foar ús. Dy makket melding fan eltse stap dy'tst online setst en in misstap is gau makke. Ik wit net wannear't ik werom kom, ik doch soks op gefoel. As ik der oan ta bin, meld ik my wer en dan bin ik benijd wat ik allegear mist ha.
Op it heden mis ik neat. It is rêstich, ek yn 'e holle want ik wit lang safolle net mear. Ik sjoch gjin foto's en filmkes fan bisten dy't mishannele wurde, ik wit ek net wêr't eltsenien op fakânsje is en wat se iten ha. Ik ha gjin plakferfangende skamte troch bepaalde foto's en wit net wa't de jierdei hat of siik is.
Dochs frege ik my op in bepaald momint al ôf oft ik dan miskien net hiel asosjaal bin. Meastal lokwinskje ik lju mei heuchlike feiten of winskje ik harren betterskip as it nedich is. Dat mien ik dan ek echt en no wit ik hielendal fan neat. As ik gjin nijs hear yn it doarp, dan kin ik samar immen foarby rinne dy't by de muorren opskyt sûnder him of har sterkte te winskjen.
Ik ha troch Facebook hiele aardige kontakten lein. Ek offline, yn 'e echte wrâld en troch benammen Messenger ha ik hiel weardefol kontakt mei myn lêzers. Mar wat ik echt hiel yrritant begûn te finen, wie al dy oare flauwekul. As it no gewoan bleau by de posts fan de minsken dêr't je freonen mei binne, dan tink ik dat ik der minder muoite mei hie.
Ik krige allegear útnoegings en advertinsjes dêr't ik neat mei hie. Mar dêr ergere ik my earst al oan foardat ik se ferwidere. No ergerje ik my hast nearne mear oan en dat is sa fijn! De minsken dy't echt wat fan my wolle, witte my te finen en oarsom ek. Ik bin der noch en bin gjin stumper wurden. It libben giet gewoan troch, echt wier!"