Stim berneprogramma Dappere Dodo út Dokkum ferstoarn

16 aug 2018 - 22:28

Dokkumer Jaap Brugman, dy't bekend is fan it berneprogramma Dappere Dodo, is tongersdei op 83-jierrige leeftyd ferstoarn. Brugman wie de stim fan it jonkje yn de poppesearje Dappere Dodo, dy't tusken 1955 en 1964 útstjoerd waard.

Jaap Brugman yn De Wereld Draait Door - Foto: De Wereld Draait Door

De searje fan de KRO wie it earste berneprogramma dat op de Nederlânske telefyzje te sjen wie. Der waarden 75 ôfleveringen fan útstjoerd. It programma draaide om skippersjonge Dappere Dodo, dy't mei syn freonen en famylje de wrâld rûnfear en ferskate aventoeren belibbe.

Jaap Brugman wie de soan fan de Amsterdamske poppespiler Bert Brugman en hy spile jierrenlang yn it famyljeteäter. Bert Brugman skreau alle ôfleveringen fan Dappere Dodo, útsein de earste. Syn famyljeleden, ûnder wa dus ek soan Jaap, joegen de poppen in stim.

Yn oktober 2016 siet Jaap Brugman yn De Wereld Draait Door om oer Dappere Dodo te praten. Sjoch hjir dy útstjoering werom.

Trefwurden: 
Jaap Brugman Dappere Dodo
(advertinsje)