Kuier-app Imagine Run moat minsken sûner meitsje
Sa'n fyftich minsken kamen tongersdei ôf op de proefclinic fan de app Imagine Run yn Drachten. Mei dy app kin eltsenien troch kuierjen of draven syn of har sûnens ferbetterje. De app biedt ferskillende trainingsskema's, kuierrûtes en oare ynformaasje. It doel is dat safolle mooglik minsken de app downloade en brûke.
De yntroduksje fan de app komt foar de wrâldhertdei op 29 septimber. Dan rinne oer de hiele wrâld minsken mei. Alle ôfleine meters wurde opteld om sa te kommen ta it langste evenemint fan de wrâld. Ald-maratonrinner Gerard Nijboer liede de clinic. Hy hat ek de trainingsskema's útwurke foar de Imagine Run-app.