"Akkrum koe der neat oan dwaan dat it de wedstriid ferlitte moast"

16 aug 2018 - 20:59

Nei oeren fan praten is der dúdlikheid. De sjuery fan de SKS hat in beslút naam oer de oanfarring by De Lemmer. Trije skippers hiene dêroer in protest yntsjinne. Allinne it protest fan Hearrenfean tsjin Earnewâld is takend. De SKS hat besletten om Akkrum it gemiddeld oantal punten te jaan. Mei noch ien wedstriid te gean binne der noch seis skûtsjes dy't dit jier kampioen wurde kinne.

Titelkandidaten Earnewâld, Hearrenfean en Akkrum kamen mei-elkoar yn oanfarring by de ûnderste tonne. Earnewâld moast mei averij it wedstriidwetter ferlitte. In bemanningslid fan Akkrum bedarre yn it sikehûs.

Nei de oanfarring skode topsiler Marit Bouwmeester oan by de kommentatoaren fan Omrop Fryslân. Se analysearre de sitewaasje.

De sjuery is fan miening dat Akkrum gjin skuld hat oan de oanfarring, mar hat wol it protest fan Akkrum ôfwiisd, omdat dat yntsjinne wie op basis fan in artikel dat net fan tapassing is. De sjuery fynt dat Akkrum dêrom it gemiddelde oantal punten krije moat fan alle oare wedstriden. De SKS giet dêr yn mei.

Heger berop

It protest fan Earnewâld is ek ôfwiisd omdat it net op basis fan it goede artikel yntsjinne is. Skipper Gerhard Pietersma fan Earnewâld is dêr net mei akkoart. Hy giet yn heger berop by de sylried fan de SKS. Dy docht in útspraak foardat de slotwedstriid begjint.

De skoateman fan Akkrum dy't nei de oanfarring yn it sikehûs bedarre, is yntusken werom by de float. De bemanning fan it skûtsje is bot skrokken, en tige tankber dat it sa ôfrûn is. Dat meldt it Akkrumer skûtsje op twitter.

Klassemint

De útspraak fan de sjuery betsjut dat Hearrenfean as klassemintslieder de slotwedstriid yngiet (39,9 punten). Grou sit dêr minder as twa punten achter (41,8). Akkrum (43,6) is tredde.

De Lemmer (44), Ljouwert (45,7) en Earnewâld (49,9) soene freed ek noch kampioen wurde kinne yn de lêste wedstriid op de Snitser Mar.

As de sylried skipper Gerhard Pietersma gelyk jouwe soe, komt Earnewâld yn it klassemint op 41,5 punten.

Online stjoert Omrop Fryslân it skûtsjesilen live út, mei kommentaar fan Freark Wijma en Eelke Dijkstra. Yn Fryslân Hjoed is jûns in analyze fan de wedstriid te sjen. En om 21.00 oere is der in wiidweidich ferslach op TV.

Trefwurden: 
skûtsjesilen protest SKS
(advertinsje)
(advertinsje)