Fiskotter deariden by Balk

28 jun 2012 - 14:04

By de Luts is woansdeitemoarn in fiskotter deariden, it giet om in jong wyfke. Dizze winter waarden al de nedige spoaren fan otters fûn by De Lemmer, by de Sondelerleijen en by de Iselmarkust del. De fynst fan de deade otter yn Gaasterlân jout oan dat de útsetten otters harren yn it wyld goed fuortplantsje. Yn Fryslân binne otter útsetten yn de Rottinge Meenthe en de Alde Feanen.

Neffens de boskwachter fan Gaasterlân moatte der passaazjes makke wurde by brêgen en fiadukten om mear ûngelokken te foarkommen.

Trefwurden: 
Luts fiskotter
(advertinsje)