Freed dúdlikens oer kwaliteit wetter op Alvestêderûte

16 aug 2018 - 19:59

It Wetterskip Fryslân komt freedtemiddei mei gegevens oer de wetterkwaliteit op de rûte fan Maarten van der Weijden. Dy begjint sneontemoarn betiid oan it swimmen fan de Alvestêdetocht en hopet dy moandei oan it begjin fan de jûn te folbringen. It wetterskip hat ôfrûne woansdei de lêste wettermeunsters naam en dy wurde ûndersocht yn it eigen laboratorium. Freed is dat ûndersyk klear.

Maarten van der Weijden swimt - Foto: Casper van Aggelen

It wetterskip makke tongersdei bekend dat op mear plakken yn Fryslân blau-alch sit, nettsjinsteande de legere temperatueren en it reinwetter dat der fallen is. Jan Roelsma fan it wetterskip ferwachtet wol dat it tal gefallen de kommende dagen omleech giet. Dêrneist is der dit wykein yn Dokkum rioelslyk yn it Grutdjip terjochte kaam. It wetterskip advisearre dêrop net op dat plak te swimmen en fee net út it wetter drinke te litten.

Ut it ûndersyk nei de wetterkwaliteit moat bliken dwaan oft de fersmoarging der noch hieltyd is. It wetterskip hat nei it ûntdekken fan de fersmoarging it wetter sa folle mooglik trochspield. It hat yn Dokkum ekstra wettermeunsters naam om de kwaliteit bepale te kinnen.

Jild foar kankerûndersyk

Net allinnich Maarten van der Weijden dûkt it kommend wykein it Fryske wetter yn. Op tal fan plakken swimme minsken in eintsje mei him mei. Mei-elkoar besykje se safolle mooglik jild op te heljen foar kankerûndersyk.

(advertinsje)