'Och heden ja, sa wie Ljouwert doe', HCL kriget kolleksje âld-gemeentefoarljochter

16 aug 2018 - 19:54

Wiebren H. Kuipers wie jierrenlang foarljochter by de gemeente Ljouwert. Hy is te beskôgjen as ien fan de earste profesjonele gemeentlike foarljochters yn Nederlân. Kuipers ferstoar yn 1988. Hy wie ek in poerbêst filmer en fotograaf. Freed wie er 100 jier wurden, in moaie gelegenheid foar soan Herry Kuipers om de negativen fan syn heit te oerlangjen oan it Histoarysk Sintrum Ljouwert.

Herry Kuipers en Geart de Vries oer de nije kolleksje

De kolleksje bestiet út sa'n fjouwertûzen negativen en scans fan Ljouwert út benammen de jierren 50 en 60. "Dat is hiel moai om te sjen om't de stêd bot feroare is troch de jierren", fertelt Geart de Vries fan it histoaryske sintrum. "It is foaral folle drokker wurden. De drokte fan de stêd no, lykas bygelyks mei de Reuzen, is der net", fertelt De Vries.

De negativen binne ek digitalisearre. In mooglik doel is om in boek te meitsjen fan de negativen. "De bylden moatte net yn de kelders bedarje. Dit moat ûnder de minsken komme", seit De Vries.

Negativen - Foto: Omrop Fryslân, Maaike van der Hoek
(advertinsje)
(advertinsje)