Partoer Anne-Berber Zeinstra fia keats-off nei Frouljus PC

16 aug 2018 - 19:35

It partoer fan Anne-Berber Zeinstra, Lotte Delgrosso en Jildou Felkers hat har yn Akkrum fia de keats-off pleatst foar de Frouljus PC. Dy is takom woansdei yn Weidum. Zeinstra-en-dy wûnen tongersdei yn de finale fan de keats-off mei 5-2 en 6-2 fan Annet de Haan, Hester Bruinsma en Hendrieke van der Schoot.

Foto: ANP

Oan de keats-off foar de Frouljus PC dienen fjouwer partoeren mei. Dat wienen de fjouwer dy't op de plakken 12 oant 15 fan de ranking stienen. Njonken de partoeren fan Zeinstra en De Haan dienen ek de trio's Nicole Hempenius, Anke Winkel, Simona Kootstra en Nelie Steenstra, Sigrid de Jong, Marije Hellinga mei.

Yn de earste ronde rekkenen Zeinstra-en-dy frij ienfâldich ôf mei Hempenius-en-dy: 5-0 en 6-4. De oare heale finale wie spannender: De Haan wûn mei 5-5 en 6-0 fan Steenstra.

Trefwurden: 
keatsen keats-off frouljus PC
(advertinsje)
(advertinsje)