Plysje Noardeast-Fryslân warskôget ynwenners foar ynbraken

16 aug 2018 - 18:52

De plysje yn Noardeast-Fryslân warskôget de ynwenners yn dy regio om wach te wêzen, fanwege alle ynbraken dizze wike.

Woansdei krige de plysje meldingen fan ynbraken op De Westereen, yn Hurdegaryp, Oentsjerk en Feanwâlden. Yn trije plakken waard ynbrutsen yn in wenning, yn it oare gefal yn in garaazje. Earder fan 'e wike waard ek al ynbrutsen yn in hûs yn Suwâld.

Dêrnjonken wienen der fertochte situaasjes yn Bûtenpost, Hurdegaryp en Tytsjerk. Dêrom hat de plysje ferskate minsken en auto's kontrolearre.

(advertinsje)
(advertinsje)