Man (34) frijsprutsen fan mishanneling freondinne

16 aug 2018 - 18:49

De rjochtbank hat in 34-jierrige Fries frijsprutsen fan mishanneling fan syn freondinne. De eask wie sân moanne finzenisstraf, wêrfan trije ûnder betingst. Neffens de rjochtbank is net bewiisd dat hy him skuldich makke oan besykjen ta mishanneling.

It stel wenne op in boatsje dat yn jannewaris op 'e Lemmer lei. Doe krigen se spul. De oanklacht wie dat de man doe op de frou ynslein hie mei in bile. Dat wie neffens de rjochtbank net bewiisd. Wol naam de rjochtbank yn de útspraak mei dat de twa e-mailkontakt hân hienen. Dêryn hie de frou ferklearre dat se goed lige kin.

De man sei op de sitting in wike lyn dat er wolris gewelddiedich west hie yn de relaasje, mar dat de frou oer it barren mei de bile liigde. It stel is no net mear tegearre.

Trefwurden: 
mishanneling rjochtbank
(advertinsje)