Untwikkeler Kollumer rekreaasjepark benaud foar sanitêrgebou buorlju

De ûntwikkeler fan in rekreaasjepark op it plak fan it eardere azc yn Kollum is benaud dat er in soad lêst krije sil fan de húskes fan in minycamping njonken syn terrein. Dat die tongersdei bliken by de Ried fan Steat yn Den Haag. Dêr frege ûntwikkeler Gerard van Dekken om de ferneatiging fan it plan fan syn buorlju.
Van Dekken wol tachtich rekreaasjewenten bouwe. Eigeners Tjerkje van der Laan en Bert van de Woude fan de blomme- en teetún dêrnjonken wolle in minycamping begjinne mei fyftjin plakken. Dy soe op in stik terrein by it rekreaasjeterrein fan Van Dekken del komme moatte. Neffens Van Dekken is dat yn striid mei provinsjaal en gemeentlik belied dat seit dat in minycamping op of deun tsjin it eigen hiem loan lizze moat. Yn dit gefal leit it dêr mear as 25 meter ôf. Neffens frou Van der Laan kin it net tichterby, want dêr is de blommetún.
Mar it grutste probleem foar Van Dekken is it plak fan it húskegebou. Dat soe yn de plannen tsjin it rekreaasjepark oan komme. Neffens de campingminsken is it noch hielendal net wis wêr't it sanitêr komt. It giet om in mobyl gebou dat winterdeis binnendoar stiet. En der moat ek noch in fergunning foar oanfrege wurde, sizze se.
De Ried fan Steat bûcht him no oer de kwestje. De útspraak folget binnen inkelde wiken.