Kâlder, mar dochs mear blau-alch op iepenbiere swimplakken yn Fryslân

Op de helte fan de offisjele swimlokaasjes yn Frysk bûtenwetter komt blau-alch foar. Dat docht bliken út mjittingen fan it wetterskip. It tal blau-alch-besmettings leit dêrmei heger as ferline wike.
Pompeblêden, blau-alch, smoarch wetter, alch © Omrop Fryslân
Neffens Jan Roelsma fan Wetterskip Fryslân is de taname fan it tal gefallen in neisleep fan it hjitte waar fan de ôfrûne wiken. Blau-alch docht it goed by hjit waar. Sjoen it feit dat it yntusken kâlder is, der mear wyn stiet en ek wer reinwetter falt, ferwachtet Roelsma dat it tal besmettings ôfnimme sil.
Fanwege it omheechgean fan de temperatuer, ferwachtet Roelsma dat der de kommende jierren folle faker blau-alch foarkomme sil. In echte oanpak dêrfoar is der net, omdat benammen trochspiele mei Iselmarwetter de oplossing is. Dat mei net yn tiden fan drûchte.
Jan Roelsma fan Wetterskip Fryslân
© Omrop Fryslân
Foar fiif fan de lokaasjes dêr't fan 'e wike blau-alch fûn is jildt in negatyf swimadvys, foar alve in warskôging. Swimme yn mei blau-alch besmet wetter kin ta hûd- en termklachten liede.
Nije sifers blaualch
Negatyf swimadvys: Aldegeaster Brekken, deirekreaasjeterrein Klein Zwitserland, De Driesprong, De Hege Gerzen, De Leien, Mirnzer Klif, Reahel, Tsjûkemar Ulesprong, swim- en surfsintrum Balk
Warskôging: De Swanneblom, Eeltsjemar, Ealahuzen, de Lange Hoek, de Grutte Wielen, Heech, Yndyk, Lauwersmar De Skâns (Eastmahorn), Nannewiid, Skipsleat, swimplak Eastermar, swimplak Earnewâld