Lêste tariedingen op de Reuzen yn Ljouwert

16 aug 2018 - 17:39

De tocht fan de Reuzen troch Ljouwert komt no echt tichteby. Yn de nacht fan woandei op tongersdei waard in grut iisblok by de waach delset mei dêryn in reed. Dat wie foar LF2018-produsint Claudia Woolgar fan de Reuzen in einepikefelmomintsje.

"Ik had de tranen in mijn ogen: het is begonnen", seit Woolgar.

Der wurde mei de trije 'reuzedagen' 400.000 minsken ferwachte yn Ljouwert, mar earlik sein hat Woolgar gjin idee. "Hoeveel mensen zullen komen? Die 400.000 was een inschatting, maar we weten het niet."

Mear as hûndert sjoernalisten

It wurdt net allinnich drok wat taskôgers oanbelanget, ek de parse komt manmachtich op de Reuzen fan Royal de Luxe ôf. Mear as 120 sjoernalisten út ferskate lannen hawwe in akkreditaasje krigen.

Lieuwe Krol fan LF2018 en wethâlder Sjoerd Feitsma

"Der binne fansels in tal Frânske stasjons, omdat it selskip Royal de Luxe út Frankryk komt", seit Lieuwe Krol, haad kommunikaasje fan Kulturele Haadstêd. "Die Deutsche Welle is bygelyks in hiel grut ynternasjonaal telefyzjestasjon. Dy hawwe in berik fan 150 miljoen húshâldens wrâldwiid. Dat binne foar ús hiel moaie stasjons om hjir te hawwen, om sa'n spektakel yn Ljouwert de wrâld oer te stjoeren."

Omrop Fryslân folget de earste foarstelling op freed. Alles is fan 10.00 oere ôf live te sjen op telefyzje, de website, de Omrop-app en Facebook. Ek hâlde we trije dagen lang in liveblog by.

Trefwurden: 
LF2018 reuzen Royal de Luxe
(advertinsje)