Ljouwerter plysje trappearret drugshanneler op 'e die

16 aug 2018 - 17:35

De plysje yn Ljouwert hat woansdeitejûn yn it Griene Stjergebiet in 46-jierrige drugshanneler oanhâlden. De Ljouwerter waard pakt doe't er oan it hanneljen wie. De man hie ûnder oare GHB, paddo's en hasj by him. De man sit fêst en de drugs binne yn beslach naam. De plysje hat letter by de man thús ek in thúskwekerij fan himp oantroffen.

Marihûana - Foto: Shutterstock.com

Yn it Griene Stjergebiet is mominteel it Psy-Fi-festival geande. Dêr is ek in 39-jierrige man sûnder fêst wenplak oanhâlden. De man hie mear as fyftich pûdsjes mei ferskate soarten drugs by him.

(advertinsje)